Lombardije

Lombardije
Lombardia
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Milaan
Oerflakte 23.863,65 km²
Befolking 10.037.014 (31.07.2024)
Befolkingstichtens 420,6 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Pizzo Bernina: 4.050 m
Oantal gemeenten 1546
Provinsjes Bergamo, Brescia, Como, Cremona, Lecco, Lodi, Mantua, Milaan, Monza, Pavia, Sondrio, Varese

Lombardije (Italjaansk: Lombardia, fan it Germaanske folk de Lombarden, Lombardynsk: Lumbardia), is in regio yn Noard-Itaalje. De regio is ynstitúsjonalisearre yn 1970 en rint fan de Sintrale Alpen yn it noarden oant de rivier de Po yn it suden. Yn it westen wurdt Lombardije begrinzge troch it Lago Maggiore en de rivier Ticino, yn it easten troch de Gardamar en de rivier de Minsio. Lombardije wurdt fierders omklamme troch Switserlân en de regio's Trentino-Súd-Tirol, Feneto, Emilia-Romagna en Piëmont.

Fan alle Italjaanske regio's hat Lombardije it grutste oantal ynwenners. De regio is foar Itaalje ekonomysk fan grut belang.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne