Longmire | ||
![]() | ||
![]() | ||
makkers | ||
betocht troch | Craig Johnson | |
ûntwikkele troch | John Coveny Hunt Baldwin | |
útfierend produsint |
John Coveny Hunt Baldwin Christopher Chulack Greer Shephard Michael M. Robin | |
basearre op | The Walt Longmire Mysteries fan Craig Johnson | |
tillefyzjestudio | Warner Horizon Television The Shephard-Robin Co. Two Boomerangs Prod. | |
distribúsje | Warner Bros. TV Distribution | |
spilers | ||
haadrollen | Robert Taylor Katee Sackhoff Lou Diamond Phillips Bailey Chase (seiz. 1–3) Cassidy Freeman Adam Bartley | |
skaaimerken | ||
foarm | live-actionsearje | |
sjenre | neo-westernplysjesearje | |
seizoenen | 6 | |
jierren | 2012 – 2017 | |
tal ôfl. | 63 | |
spyltiid (ôfl.) | 42–71 min. | |
lân/lannen | ![]() | |
taal | Ingelsk | |
webside | www.netflix.com/title/ 70269479 |
Longmire wie in súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't seis seizoenen rûn, fan 2012 oant 2017, en dy't behalven yn 'e Feriene Steaten ek yn in grut tal oare lannen en territoaria útstjoerd is. It is in plysjesearje dy't ta it sjenre fan 'e neo-western rekkene wurde kin. De titel ferwiist nei de haadpersoan, Walt Longmire. Yn 'e searje wurdt dyselde folge, wylst er as sheriff op it plattelân fan 'e Amerikaanske steat Wyoming ûndersyk docht nei alderhanne misdieden. Dêrby wurdt er bystien troch syn helpsheriffs, freonen en dochter. Hoewol't Longmire tige populêr wie, besleat tillefyzjestjoerder A&E Network yn 2014 om de searje nei trije seizoenen stop te setten. Produsint Warner Horizon Television bea de searje doe oan oare tillefyzjenetwurken oan. Streamingtsjinst Netflix hapte ta en kocht seizoen 4 oant en mei 6 oan. Ek de earste trije seizoenen binne no fia Netflix te sjen.