De Loreley of Lorelei is in 132 meter hege rots oan de rjochterouwer fan de Ryn by it Dútske plak Sankt Goarshausen (tusken Koblenz en Wiesbaden) yn de dielsteat Rynlân-Palts.
Yn de skiednis binne in soad skippen by de Lorelei ferûngelokke. De Ryn, dy't mei in skerpe bocht om de rots hinne slingeret, is op dat punt op syn smelst (mar 113 meter), mar mei 25 meter ek op syn djipst. Boppedat stiet der in gefaarlike streaming. Hoewol't de gefaarlikste stikken fan de Loreley al yn de jierren trittich weihelle binne, wurdt de skipfeart ek hjoed-de-dei noch foar de passaazje warskôge. De Loreley wurdt alle jierren troch in soad toeristen beklommen. Op de rots leit in útsjochpunt.
De Loreley heart ta it UNESCO-wrâlderfgoed Cultuurlandschap Oberes Mittelrheintal.[1]