Luchtfersmoarging

Luchtfersmoarging
Luchtfersmoarging boppe it easten fan Sina
Smog boppe New York, 1988
Luchtfersmoaring fan yndustry
Luchtfersmoarging as gefolch fan ferkear
Luchtfersmoaring, 2004

Luchtfersmoarging is in ferskynsel dat optreedt as de lucht fersmoarge wurdt mei mikroskopysk lytse dieltsjes fan stoffen dy't dêr oarspronklik net thúshearre. Dat kin komme troch in natuerlike oarsaak (lykas by in fulkaanútbarsting) of troch oarsaken dêr't de minskede hân yn hat (lykas yndustry of intinsive feehâlderij). De media hawwe it yn 'e regel benammen oer de luchtfersmoarging bûtendoar, hoewol't de fersmoarging yn ús hûs krekt sa skealik foar de sûnens is. Fierders binne der resinte ûndersiken fan it U.S. Environmental Protection Agency, dy't stelle dat de luchtfersmoarging yn 'e binnenstêd 2 oant 5 kear slimmer is as op it plattelân.[1]

  1. https://cfpub.epa.gov/roe/chapter/air/indoorair.cfm#importance

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne