Lysistrata | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Λυσιστράτη | |
auteur | Aristofanes | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 411 f.Kr. | |
1e opfiering | 411 f.Kr., Atene | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Lysistrata | |
publikaasje | 1997, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | gjint |
Lysistrata, yn it oarspronklike Aldgryksk: Λυσιστράτη, Lysistrata (wat "Legerûntbynster" betsjut), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aristofanes (±446-±386 f.Kr.). It is in komeedzje dy't ferhellet hoe't de froulju fan Grikelân harren manlju besykje te twingen om 'e skynber einleaze Peloponnezyske Oarloch te beëinigjen troch te wegerjen en haw noch seksuële omgong mei harren ear't de frede tekene is. Hoewol't it stik gauris opfet is as proto-feministysk fan aard, befêstiget it dochs in protte fan 'e doetiidske foaroardielen dy't manlju oer froulju hiene (wêrfan't it wichtichste is dat froulju slûchslimme en gleie wêzens binne dy't inkeld oan harren eigen geniet tinke en dy't in ferme mannehân brek binne om harren op it rjochte paad te hâlden). It iennichste útsûnderlike personaazje is eins Lysistrata, de liedster fan 'e froulju. Fernijende eleminten binne wol it ferdielde koar en it ûntbrekken fan 'e parabasis, de taspraak dy't it koar yn Aldgrykske komeedzjes út namme fan 'e toanielskriuwer hold. Lysistrata datearret fan 411 f.Kr. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1997.