Lytse Krie | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thaóyate Dúta | |
oare namme | Little Crow | |
berne | ±1810 | |
berteplak | Kaposia (Minnesota) | |
stoarn | 3 july 1863 | |
stjerplak | by Hutchinson (Minnesota) | |
etnisiteit | ||
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Mdewakanton | |
jierren aktyf | 1849 – 1863 |
Lytse Krie (Dakota: Thaóyate Dúta, útspr.: [tʰa'o:jate 'du:ta] (eins "Syn-Read-Folk"); Ingelske oersetting: Little Crow; Kaposia (Minnesota), ±1810 – westlik fan Hutchinson (Minnesota) 3 july 1863) wie in opperhaad fan 'e Mdewakanton-substamme fan 'e Eastlike Dakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk út it gebiet bewesten de Grutte Marren en fan it easten fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Yn 1851 wied er belutsen by it sluten fan 'e Ferdraggen fan Traverse des Sioux en Mendota. Alve jier letter, yn 1862, wied er ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e Eastlike Dakota yn 'e Dakota-Oarloch fan 1862. Hy loek him lykwols werom foar de ein fan 'e fijannichheden, en waard úteinlik in jier letter deade by in konfrontaasje mei in pear blanke kolonisten.