Maarssen is in eardere gemeente benoarden fan de stêd Utert, yn de provinsje Utert. Maarssen hat 39.647 ynwenners (2009) en in oerflakte fan 30,86 km², wêrfan 3,65 km² wetter. It doarp Maarssen bestiet út twa dielen, skieden troch it Amsterdam-Rynkanaal. Ten easten dêrfan leit it oarspronklike doarp, ek wol oantsjutten as Maarssen-Doarp; ten westen leit de wyk Maarssenbroek, dêr't ek it stasjon is. Maarssen-Doarp leit oan it kanaal, mar ek oan de rivier de Fecht. Yn ynwenner fan Maarssen wurdt in Maarssenaar neamd.