Mab (fee)

Mab
Keninginne Mab, yllustraasje fan Arthur Rackham (1906)
Keninginne Mab, yllustraasje fan Arthur Rackham (1906)
persoanlike bysûnderheden
sekse froulik
soarte personaazje fee
berop/amt keninginne fan 'e Unseelie
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Titania
geastlike heit William Shakespeare?
ûntstean ûnbekend

Mab of Keninginne Mab (Ingelsk: Queen Mab, útspr.: [kʷi:n mæb], likernôch "kwiin meb") is in fee dy't in rol spilet yn it ferneamde toanielstik Romeo en Julia, fan 'e let sechstjinde-iuwske Ingelske skriuwer William Shakespeare. Dêryn foarmet se in symboal fan frijheid en wurdt se de psyche fan 'e haadpersoan Romeo nei't dy beseft dat hy ek in omswevende geast is. Mab wurdt yn it toanielstik besongen yn in ferneamde monolooch fan it personaazje Mercutio, dy't oarspronklik skreaun waard yn proaza, mar faak adaptearre is ta jamyske pentameters.

Dêryn wurdt Mab beskreaun as in miniatuerwêzen dat te neare nacht grappen úthellet mei sliepende minsken, û.m. troch yn in lytse striidwein lutsen troch atomys (miniskule mytyske wêzens) oer de noazen fan sliepers te riden en "de fantasijen fan sliepende manlju" op te roppen. Ek wurdt se omskreaun as "de froedfrou ûnder de ierdgeasten," dy't sliepers helpt om it libben te skinken oan harren dreamen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne