Macbeth

Macbeth
algemiene gegevens
oarspr. titel Macbeth
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun ±1606
1e publikaasje 1623, Londen
1e opfiering 1611
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Macbeth
publikaasje 1932, Snits
útjouwer Brandenburgh & Co.
oersetter Douwe Kalma
Dizze side giet oer it toanielstik fan Shakespeare. Foar de Skotske kening, sjoch: Macbeth fan Skotlân.

Macbeth, nei it stik mei deselde namme yn it oarspronklike Ingelsk (folút: The Tragedy of Macbeth, "De Trageedzje fan Macbeth"), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It wurdt beskôge as ien fan syn grutte trageedzjes en it is teffens syn koartste. Macbeth fertelt it ferhaal fan 'e Skotske legeroerste mei deselde namme, oan wa't foarsein wurdt dat er ienris kening fan Skotlân wurde sil. Op oantrún fan syn frou en syn eigen withoegrutte ambysje fermoardet er dan de kening om 'e profesije útkomme te litten. Syn regear wurdt lykwols oerskade troch syn skuldgefoelens, dy't al mei gauwens oanboazje ta in wiere efterfolgingswaansin. Hy ûntpopt him ta in tiran dy't almar mear bloed ferjitte moat om oan 'e macht te bliuwen, oant er úteinlik ynhelle wurdt troch syn eigen misdieden en tragysk oan syn ein komt.

De rol fan frouwe Macbeth wurdt sjoen as ien fan 'e meast útdaagjende rollen foar aktrises yn Shakespeare syn oeuvre. Under toanielakteurs giet trouwens wrâldwiid it byleauwe om dat der in flok op dit toanielstik rêst, en dat it ûngelok bringt as men de titel lûdop útsprekt. Dêrfandinne dat it yn sokke fermiddens yn 'e regel oantsjut wurdt as "it Skotske stik". Shakespeare basearre Macbeth op in ferhaal dat er út Holinshed's Chronicles hie, in skiednis fan 'e Britske Eilannen út 1587. Der moat opmurken wurde dat it toanielstik hiel oars is as it libben en regear fan 'e echte, histoaryske kening Macbeth fan Skotlân. Macbeth is skreaun tusken 1603 en 1607, en wurdt ornaris datearre yn 1606. De ierst bekende opfiering wie yn april 1611 en it waard foar it earst útjûn yn 'e First Folio, yn 1623. De Fryske oersetting, fan Douwe Kalma, datearret fan 1932.

Reklame foar in toanielútfiering yn 'e Feriene Steaten1884)

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne