Madly Madagascar | ||
![]() | ||
Filmposter yn 'e IMDb | ||
makkers | ||
regisseur | David Soren | |
produsint | Chad Hammes Lisa Stewart | |
útfierend produsint |
Mireille Soria | |
senario | David Soren | |
muzyk | Heitor Pereira | |
filmstudio | DreamWorks Animation | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Ben Stiller Chris Rock David Schwimmer Jada Pinkett Smith Danny Jacobs | |
byrollen | Tom McGrath Taraji P. Henson Cedric the Entertainer Phil LaMarr | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 29 jannewaris 2013 | |
foarm | koarte tekenfilm | |
sjenre | komeedzjefilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 22 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | Madagascar |
Madly Madagascar is in Amerikaanske koarte kompjûteranimearre tekenfilm út 2013 ûnder rezjy fan David Soren. It is in komeedzjefilm foar bern en foar folwoeksenen mei in spyldoer fan 22 minuten. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Ben Stiller, Chris Rock, David Schwimmer, Jada Pinkett Smith en Danny Jacobs. De titel betsjut "Healwiis Madagaskar", wêrby't it eigenskipswurd madly konnotaasjes hat yn it ramt fan leafde of ferealens. De film hat dan ek as tema Falentynsdei. Madly Madagascar heart ta de Madagascar-franchise en spilet nei it meastepart fan 'e foarfallen yn Madagascar: Escape 2 Africa, mar foàr de slotsêne fan dy film. It ferhaal giet oer in fleske rûkersguod dat út in oerfleanend fleantúch smiten wurdt, en dat grut trelit feroarsaket by de bisten fan in wettergat yn in Afrikaansk wyldreservaat.