Magdalena-asyl

Magdalene Laundry yn Ierlân, iere 20e iuw

In Magdalena-asyl of Magdalenawaskerij (Magdalene Laundry) wie in ynstitút fanwege de Roomsk-katolike tsjerke, yn de 19e iuw oant fier yn de 20e iuw, foar de opfang fan saneamde 'fallen froulju' yn benammen Ierlân, mar ek yn Ingelân en oare Europeeske lannen en Kanada en de Feriene Steaten.

It earste asyl yn Ierlân, foar protestantske famkes, waard iepene yn Dublin yn 1767, stifte troch filantrope Lady Arabella Denny (1707–1792). Yn Belfast waard der ien stifte yn 1839.

Oarspronklik wie de bedoeling fan de asilen de rehabilitaasje fan de froulju en it weromkommen yn de maatskippij, mar yn begjin 20e iuw hienen dy ynstituten stadichoan it karakter fan in finzenis krigen, mei straffen anneks (benammen yn Ierlân en Skotlân). Yn de measte Magdalenahuzen moasten de famkes fan moarns ier oant yn de jûn skreppe en wrotte sûnder lean. Feitlik wie it slave-arbeid. Teffens moasten sy har deljaan ûnder in strang rezjym fan bidde en ferplicht swije. Yn Ierlân wienen sokke ynstituten bekend as Magdalene laundries. Der wurdt rûsd dat sa'n 30.000 froulju yn dy ynstituten sitten hawwe, faak in libben lang.

Yn Ierlân wienen it fjouwer kleasteroarders dy't tsien Laundries yn it wurk holden. It lêste Magdalena-asyl yn Ierlân waard sletten op 25 septimber 1996.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne