Mohandas Karamtsjand Gandhi, byneamd Mahatma dat yn it Sanskryt grutte siel betsjut, (2 oktober 1869 – New Delhy, 30 jannewaris 1948) wie in Yndiaask nasjonalistysk lieder. Mahatma Gandhi wie ien fan de grûnlizzers fan de moderne steat Yndia en foarstanner fan aktive geweldleasheid as middel foar de revolúsje.