mahoanje | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #C04000 | |
RGBª (r, g, b) | (192, 64, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 67, 100, 25) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Mahoanje of mahoanjebrún is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún of ek wol fan oranje. It is in oranjich brún dat basearre is op 'e kleur fan 'e houtsoarte mahoanje. Sok hout hat lykwols net ien unifoarme kleur, en moat dêrom net mei de kleur betize wurde. As kleuroantsjutting wurdt 'mahoanje' teminsten al brûkt sûnt 1737, doe't it foar it earst as sadanich optekene waard yn 'e Ingelske foarm mahogany.