Marie Laveau

Plakette op it grêf fan Marie Laveau
It mausoleum dêr't Marie Laveau leit, Saint Louis Cemetery No. 1

Marie Laveau (New Orleans, Louisiana, 10 septimber 1801 – dêre, 15 juny 1881[1]) wie in Kreoalske voodoopreesteresse dy't aktyf yn New Orleans wie. Marie Laveau II (1827 — c. 1895), har dochter wie ek dwaande mei voodoo en de Louisiaanke ferzje fan Voodoo. Mem en dochter hiene in soad ynfloed op harren oanhingers, donkere en wite minsken. Yn it generaal is der net in soad mei wissichheid oer har magyske/paranormale karriêre te sizzen.

  1. The New York Times: The Dead Voudou Queen; Marie Laveau's Place In The History Of New-Orleans, 23 juny 1881

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne