Marije fan Bruce | ||
![]() | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | ±1282 | |
berteplak | Kastiel fan Turnberry (Skotlân) | |
stjerdatum | 1323 | |
stjerplak | ? (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() |
Marije fan Bruce (Ingelsk: Mary Bruce, Normandysk-Frânsk: Marie de Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1282 – yn Skotlân, 1323) wie in Skotsk ealfrouwe dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie. Hja wie in suster fan kening Robert I fan Skotlân, en waard fan 1306 oant 1314 troch de Ingelsen finzen holden, wêrfan fjouwer jier efterinoar yn in koai yn 'e iepen loft.