Martin Hersman

Martin Hersman
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Martinus Anthonius Johannes Maria Hersman
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 26 febrewaris 1974
berteplak Sassenheim
lingte 1.88 m.
gewicht 89 kg
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
earste titel NK ôfstannen 2000, 1500 m.
O.S. Lillehammer 1994,
Nagano 1998
debút 1993
karriêre-ein 2003
Martin Hersman
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
wurkpaad
wurksum as ferslachjouwer
medium tillefyzje, radio
wurksum by NOS
jierren aktyf 2003 - No

Martinus Anthonius Johannes Maria (Martin) Hersman (Sassenheim, 26 febrewaris 1974) is in earder Nederlânsk reedrider, en in hjoeddeisk sportkommentator. Hersman is de heit fan reedriidster Pien Hersman.

Martin Hersman wie spesjalist op de 1500 meter en ek op de 1000 meter. Hersman wie ynternasjonaal aktyf tusken 1993 en 1999. Troch syn goede 1500 meter koe Hersman goed meikomme by allround kampioenskippen, mar winnend koe hy se nea ôfslute. Dêrom wiene de WK ôfstannen in útkomst foar him. Sa koe er him alle jierren mjitte mei de bêsten op de middenôfstannen. Nei syn karriêre as reedrider waard Hersman by de NOS sportkommentator by it reedriden. Hersman is boaske mei Colette Zee dy't ek reedriidster west hat.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne