Mauritsiusgoes | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
† Alopochen mauritiana | ||||||||||||
Newton en Gadow, 1893 | ||||||||||||
útstoarn
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Mauritiusgoes (Alopochen mauritiana) is in útstoarne fûgel dy't endemysk wie op it eilân Mauritsius. Alhoewol't de guozzen wol yn 17e-iuwske reisferslaggen foarkomme, is der net in hiel soad oer bekend.
Yn 1893 waard de fynst fan bonken yn in opgravingslokaasje yn 'e Mare aux Songes yn Mauritsius de oanlieding om in nije soarte kaamein te beneamen, de Sarcidiornis mauritianus. Dy bonken waarden ferbûn mei de reisferslaggen oer guozzen en letter waard fêststeld dat se ta in soarte hearden dy't besibbe wiene oan 'e Nylgoes en dêrfandinne waarden se yn it skaai foksguozzen (Alopochen) set. De soarte stamde lykas ek de goes fan Reünion mooglik fan Nylguozzen ôf, dy't de Maskarenen kolonisearren.
Neffens de reisferslaggen hie de Mauritsiusgoes wjukken, dy't foar de helte swart en de helte wyt wiene en gie it om net in hiel grutte fûgel. Mooglik waard de soarte ek op in yllustraasje fan 'e Nederlânske gûverneur Isaac Lamotius (1646-1718) ôfbylde. Fossile dielen wize der op dat de soarte lytser wie as de Nylgoes en sterkere poaten hie.
Oer it gedrach fan 'e fûgels is hast neat bekend. Neffens ferslaggen wiene se hiel nuet, frieten se gers en libben se yn groepen. Se sieten fral oan 'e noardlike kant fan it eilân, mar waarden yn 'e drûge tiid twongen nei de oare kant fan it eilân om dêr te drinken. Harren sterke poaten dogge tinken dat de fûgel fral op 'e grûn libbe, itjinge oerienkomt mei de âlde ferslaggen dat se it wetter mijden.
Reizgers fûnen de fûgel goed te iten en alhoewol't de soarte yn 1681 noch talryk wie, namen de oantallen hiel hurd ôf. Yn 1698 waard de goes as útstoarn ferklearre. It útstjerren waard troch de jacht en predaasje fan yntrodusearre bisten, fral katten, feroarsake.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|