Mei Sletten Doarren | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Huis Clos | |
auteur | Jean-Paul Sartre | |
taal | Frânsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
1e opfiering | 1944, Parys | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Mei Sletten Doarren | |
publikaasje | 1994, Aldemardum | |
útjouwer | eigen behear | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Mei Sletten Doarren, yn it oarspronklike Frânsk: Huis Clos (útspr.: /wi klo/), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte tweintichste-iuwske eksistinsjalistyske Frânske skriuwer Jean-Paul Sartre. Yn it stik wurde trije ferstoarne sielen yn it hjirneimels bestraft troch foar ivich mei-inoar yn ien keamer opsletten te wurden; dêrfandinne Sartre syn bekende sitaat: "l'enfer, c'est les autre" ("de hel is oare minsken"). Sartre miende sels in komeedzje skreaun te hawwen, mar de ienakter wurdt fierders frij algemien as in trageedzje beskôge. Huis Clos waard skreaun, útjûn en foar it earst opfierd yn 1944; der binne twa Fryske oersettings, ien fan Klaas Bruinsma, út 1994, en ien fan Pyt en Tryntsje van der Zee, út 1995.