Mekka مكة المكرمة | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | Saûdy-Araabje | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2 miljoen (2012) | |
Oerflak | 850 km² | |
Befolkingsticht. | 4.200 / km² | |
Stêdekloft | 2,9 miljoen | |
Hichte | m | |
Oar | ||
Tiidsône | (UTC+3) | |
Simmertiid | (UTC+3) | |
Offisjele webside | ||
Offisjele webside fan Mekka |
Mekka (مكة of مكة المكرّمة Makka al-Mukarrama) (1.294.168 ynwenners (2004)) is de haadstêd fan de provinsje Mekka yn Saûdy-Araabje yn de histoaryske regio Hidjaz. It leit 73 kilometer fan Djedda, yn de sânige Abrahamfallei op 277 meter boppe seenivo en 80 km fan de Reade See.
De stêd is de wichtichste stêd yn de islam, en de hadj, de pelgrimaazje nei Mekka, is ferplicht foar alle moslims dy't it finansjeel en wat sûnens oangiet dwaan kin. Foar Moslims is de al-Masjid al-Haram, de moskee mei de Ka'aba it wichtichste plak op de wrâld. Sawol de stêd as de moskee binne strang ferbean foar eltsenien dy't gjin moslim is.