De Meksikaanske drugskartels binne drugskartels dy't aktyf binne yn Meksiko. Dêrby giet it om faak ekstreem gewelddiedige kriminele organisaasjes, dy't diel útmeitsje fan 'e organisearre misdie en dy't de drugshannel yn Meksiko en it oangrinzgjende Súdwesten fan 'e Feriene Steaten behearskje. De Meksikaanske drugskartels steane yn Meksiko (yn it Spaansk) ek wol bekend as la Mafia ("de Maffia"), la Maña ("de feardichheid" of "de minne manieren"), narcotraficantes ("drugssmokkelders"), of mei de ôfkoarting dêrfan, as narcos.
Der binne ferskate rivalisearjende drugskartels yn Meksiko, dy't elts in beskaat territoarium foar harrensels ôffrede hawwe. Der binne sawol ûnderlinge konflikten as de útsichtleaze Meksikaanske Drugsoarloch mei de plysje en it leger fan Meksiko, dy't al sûnt 2006 oan 'e gong is. De leden fan 'e Meksikaanske drugskartels geane letterlik oer liken, en ûnskuldige boargers wurde geregeldwei it slachtoffer fan harren gewelddiedige oanfallen of wraakaksjes.