Metallica The Black Album | |||||||
![]() | |||||||
algemiene ynformaasje | |||||||
artyst | Metallica | ||||||
taal | Ingelsk | ||||||
sjenre | Metal | ||||||
útbrocht | 12 augustus 1991 | ||||||
opnommen | 6 oktober 1990–16 juny, 1991 | ||||||
doer | 62:40 | ||||||
label | Elektra | ||||||
produsint | James Hetfield, Bob Rock, Lars Ulrich | ||||||
albumgronology fan Metallica | |||||||
|
Metallica is it fiifde studio-album fan Metallica. It album waard opnommen fan 6 oktober 1990 oant en mei 16 juny, 1991 yn de One on One studio's yn Los Angeles en waard twa moanne letter op 12 augustus 1991 útbrocht. It album stiet better bekend ûnder syn bynamme The Black Album dy't it krigen hat fanwege de swarte hoes, in knypeach nei The White Album fan The Beatles. Fierder stiet der noch ûndúdlik en skean it logo fan de band oan foarkant, en in slang. It album wie de trochbrek fan Metallica by it grutte publyk.