Michael Stefano

Michael Stefano
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Michael Long, Mike Long,
Luciano, Mike Stefano,
Michael Stephano
echte namme Michael Vito Menta
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 29 augustus 1969
berteplak Hartford (Konettikut)
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur,
filmprodusint
jierren aktyf 19972010, 20112015
offisjele webside
Michael Stefano op Twitter

Michael Stefano, echte namme: Michael Vito Menta (Hartford (Konettikut), 29 augustus 1969), is in rêstend Amerikaansk pornografysk akteur, regisseur en filmprodusint fan etnysk Italjaansk komôf. Syn artystenamme wurdt ek (mis)stavere as Michael Stephano, en hy hat ek wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Michael Long, Mike Long, Luciano en Mike Stefano. Hy sette yn 1997 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn mear as tûzen films. Teffens regissearre er in oansjenlik oantal en as produsint wied er belutsen by û.m. de studio Platinum X Pictures. Yn 2015 beëinige Stefano syn belutsenens by de pornoyndustry foargoed.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne