Mijnheer Prikkebeen

De orizjinele Mijnheer Prikkebeen fan Rodolphe Töpffer
Prikkebeen, bewurking J.J.A. Goeverneur

Mijnheer Prikkebeen is de haadpersoan út Reizen en avonturen van mijnheer Prikkebeen (1858), it klassike berneferhaal fan de Nederlânske skriuwer Jan Goeverneur (1809 - 1889). Mijnheer Prikkebeen kin beskôge wurde as it earste Nederlânske tekenteltsje.

J.J.A. Goeverneur brocht in bewurke, suvere oersetting út fan Fahrten und Abenteuer des Herrn Steckelbein troch Julius Kell. Dat boek wie skreaun by yllustraasjes út Monsieur Cryptogame (1846) fan Rodolphe Töpffer.

Prikkebeen (Frysk: prikstôk, swevelprikke) is it ferhaal oer in hampelman fan in flinterfanger en syn suster Ursula dy't allerhanne healwize en ûnmooglike avontoeren belibje. It boek wie tige populêr by de bern en waard faak werprinte. It is yn 1980 troch Gerrit Komrij op 'e nij bewurke mei as titel De zonderlinge avonturen van Primus Prikkebeen (ISBN 90-6213-110-7) mei in neiwurd fan Dirkje Kuik.

Yn it Frysk oerset troch Tiny Mulder as De Bjusterbaarlike reis fan Menear Prikkeskonk, Amsterdam/Leeuwarden/Ljouwert, Becht/Friese Pers.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne