Minimumlean

It minimumlean is it leechste bedrach dat in wurkjouwer wetlik ferplichte is oan in wurknimmer as lean te beteljen. In minimumlean kin útdrukt wêze as oerelean, of lean yn 'e moanne of yn 'e wike. It minimumlean is altyd útdrukt as brutolean, sûnder ynhâlding fan belestingen en sosjale sekerheidsbydragen. Binnen de Europeeske Uny hawwe 20 - dêrûnder Nederlân en Belgje - fan de 27 lidsteaten in minimumlean. Oare lannen - dêrûnder Noarwegen, Dútslân, Eastenryk, Denemark, Switserlân, Finlân, Sweden, Itaalje en Syprus - hawwe gjin wetlik minimumlean, mar litte dat oer oan ûnderhandelingen tusken wurkjouwers- en wurknimmersorganisaasjes.

Oer de ekonomyske effekten fan it minimumlean bestiet gjin konsensus ûnder ekonomen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne