Ministearje fan Asyl en Migraasje A&M | ||
![]() | ||
algemien | ||
lân | ![]() | |
adres | Turfmarkt 147, De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 2 july 2024 | |
funksjehâlders | ||
minister | Marjolein Faber | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-asiel-en-migratie |
It ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) is in Nederlânsk ministearje. It ministearje is ferantwurdlik foar it asyl- en migraasjebelied.
It ministearje waard op 2 july 2024 ynsteld by it oantreden fan it kabinet Schoof. By de kabinetsformaasje waard ôfsprutsen en meitsje in stranger belied op it mêd fan migraasje en de Partij foar de Frijheid (PVV) hie de winsk en stel in apart departemint dêrfoar yn.
Gidi Markuszower wie ynearsten de minister dy't op it each hân wie, mar nei screenen fan de AIVD bliek dat der negative útkomsten wien, waard er weromlutsen as kandidaat. Lang om let waard Marjolein Faber (PVV) beneamd as minister.