Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat I&W | ||
It VROM-gebou oan Rijnstraat 8 yn De Haach. | ||
algemien | ||
lân | Nederlân | |
adres | Rijnstraat 8, De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 14 oktober 2010 | |
funksjehâlders | ||
minister | Barry Madlener | |
steatssekretaris | Chris Jansen | |
sekretaris-generaal | Jan Hendrik Dronkers | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-infrastructuur-en-waterstaat |
It Nederlânske ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat, ôfkoarte ta I&W (Infrastructuur en Waterstaat), is in ministearje dat ûnder it kabinet-Rutte I ûntstie ûnder de namme "Ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu" (Infrastructuur en Milieu) troch in fúzje fan 'e eardere ministearjes fan Ferkear en Wettersteat en Folkshúsfêsting, Romtlike Oardening en Miljeubehear. Nei it foarmjen fan it kabinet-Rutte III krige it de hjoeddeistige namme.