Mitsubishi G4M | ||
![]() | ||
In Mitsubishi G4M2a Model 24 fan de 763e Kōkūtai | ||
algemiene ynformaasje | ||
rol | Middelswiere (torpedo)bommesmiter, drager kamikazefleantugen | |
lân f. oarspr. | Japan | |
makker | Mitsubishi | |
ûntwerper | Kiro Honjo | |
gebrûk | ||
earste flecht | 23 oktober 1939 | |
yn tsjinst | 2 april 1941 | |
út tsjinst | 1945 | |
tal makke | 2.435 (1939–1945) | |
grutste brûker | Japanske Keizerlike Marineloftmacht |
De Mitsubishi G4M (alliearde koadenamme Betty [1]) wie in twamotorige, op lân basearre middelswiere bommesmiter dy 't eartiids produsearre waard troch Mitsubishi Aircraft Company, in ûnderdiel fan Mitsubishi Heavy Industries, dy't brûkt waard troch de Keizerlike Japanske Marine fan 1940 oant 1945. De G4M waard troch Japanske marinepiloaten meastentiids oantsjut as Hamaki ('sigaar', letterlik blêdrol) fanwegen de silindryske foarm fan de romp en om't er frij maklik yn'e brân fleach nei in treffer. Hy waard doedestiids beskôge as de bêste marinebommewerper dy't fan lân ôf operearre. Dat waard berikt troch syn strukturele lichtens en in hast folslein gebrek oan beskerming foar de bemanning, sûnder pânserbeplating of selstichtjende brânstoftanks. [2]
It is de meast produsearre en ferneamdste bommewerper dy 't troch de Japanners brûkt waard yn de Twadde Wrâldoarloch en it type die tsjinst yn hast alle gefjochten yn de oarloch yn de Pasifiskyske Oseaan. It fleantúch waard ek brûkt as memmeskip dat de Yokosinen MXY-7 Oka ferfierde, in spesjaal boud selsmoardwapen tsjin skippen yn de lêste jierren fan de oarloch.