De moanne (symboal: ) is de natuerlike satellyt fan 'e Ierde. Dit himellichem wurdt ornaris oantsjut as "de moanne", mar soms ek wol as "de Moanne", mei in haadletter, om te fertsjutskjen dat it om in namme giet. Om it ferskil mei moannen yn it miene te fergrutsjen, wurdt (benammen yn wittenskiplike fermiddens) ek wol de Latynske namme Luna brûkt. It eigenskipswurd dat by de Moanne heart, is lunêr, in ferbûging fan 'e Latynske namme.