Steat Montana State of Montana | |
---|---|
flagge | wapen |
Oro y Plata (Spaansk, "Goud en Sulver") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | MT |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1889) |
haadstêd | Helena |
grutste stêd | Billings |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 1.023.579 (2014) |
befolkingstichtens | 2,7 / km² |
oerflak | 380.800 km² (1% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Treasure State |
tiidsône | UTC –7 |
simmertiid | UTC –6 |
webside | www.mt.gov |
Montana (Ingelsk: Montana; útspr.: [mɒn'tænə], likernôch "m'ntêne"), offisjeel de Steat Montana (Ingelsk: State of Montana), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Montana, byneamd de Treasure State, leit yn it noardwestlike part fan it lân, tsjin 'e Kanadeeske grins oan. De haadstêd is Helena, mar de grutste stêd is Billings. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe rom 1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 44e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Montana mei krapoan 381.000 km² de 4e steat, nei Alaska, Teksas en Kalifornje. Montana stiet bekend om syn natoerskientme en syn histoaryske lokaasjes.