It liet Morgenrood heart ta de klassikers fan it sosjalistyske repertoire. It waard foar de Twadde Wrâldoarloch faak songen op sosjalistyske gearkomsten en wie tanksij it koar De Stem des Volks ek faak op de VARA-radio te hearren.
It liet waard yn it begjin fan de 20e iuw komponearre troch Otto Willem de Nobel; de tekst is fan Dirk Jelles Troelstra (broer fan Pieter Jelles Troelstra).