Mozes[1] of Moazes[2] (Hebriuwsk: מֹשֶׁה Mosje; Latynsk: Moyses) is in persoan út de Bibel, dy't neffens it boek Exodus it folk fan Israel út de slavernij yn it Egyptelân befrijde en syn folk troch de woastyn liede nei it lân fan de belofte. Mozes skreau de earste fiif boeken fan de Bibel en krige fan God op de berch Hoareb (of Sinaï) de Wet foarlêzen. Mozes wurdt fereare yn alle trije monoteïstyske religyen: it kristendom, it joadendom en de islaam.