Musedoarus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Mucedorus | |
auteur | William Shakespeare? | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | <1603 | |
1e publikaasje | <1610, Londen |
Musedoarus, yn it Ingelsk: Mucedorus, is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, dat it ferhaal fertelt fan 'e Falinsiaanske prins Musedoarus, dy't it tawurd wit te winnen fan 'e tsjeppe Aragoneeske prinsesse Amadine. It wie in tige populêr stik, dat oant de Restauraasje (1659) rûnom opfierd waard, en dat oerlevere is yn santjin ûnderskate printingen, wat mear is as hokker elizabetaansk toanielstik ek.