Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn

Nasjonaal Monumint Slachfjild oan
de Little Bighorn
It Slachfjild oan 'e Little Bighorn, mei it begraafplak.
It Slachfjild oan 'e Little Bighorn, mei it begraafplak.
Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn (Montana)
Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn
De lizzing fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild
oan de Little Bighorn yn Montana.

It Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn (Ingelsk: Little Bighorn Battlefield National Monument) is it plak oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana, dêr't op 25 en 26 juny 1876 de ferneamde Slach oan de Little Bighorn útfochten waard tusken it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer en krigers fan 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho ûnder lieding fan Sittende Bolle, Mâl Hynder en Gal.

Dit âlde slachfjild hat no de beskerme status fan in nasjonaal monumint. It omfiemet net inkeld Custer Hill, dêr't luitenant-kolonel Custer en fiif kompanjyen fan syn rezjimint ynsletten en útrûge waarden en it mei dat barren ferbûne begraafplak, mar ek Reno Hill, 5 km nei it suden ta, dêr't in oar diel fan it 7e Kavaleryrezjimint ûnder lieding fan majoar Marcus Reno en kaptein Frederick Benteen twa dagen lang belegere waard troch de Yndianen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne