NFL | |
---|---|
![]() | |
Basisynformaasje | |
Namme | National Football League |
Stifte | 1920 |
Lân | ![]() |
Tal klups | 32 |
Titelhâlder | Philadelphia Eagles (2e titel) |
Rekôrkampioen | Green Bay Packers (13 kear) |
Webstee | NFL |
De National Football League (NFL) is de grutste profesjonele American footballkompetysje fan de Feriene Steaten. De kompetysje bestiet út 32 teams, ferspraat oer Amerikaanske stêden en regio's.
De NFL bestiet út twa kompetysjes, nammentlik de American Football Conference (AFC) en de National Football Conference (NFC). Eltse kompetysje is fierder ûnderferdield yn fjouwer difyzjes (East, Noard, West en Súd), dy't elk fertsjinwurdige wurde troch fjouwer teams. Yn it reguliere seizoen, meastentiids fan septimber oant desimber, spylje alle teams 16 wedstriden. Oan de ein fan it seizoen spylje de seis bêste teams (de fjouwer difyzjewinners en twa wildcard-teams) fan de twa kompetysjes yn de play-offs. Earst is it wildcardwykein. Dan spylje de wildcardwinners tsjin de nûmers trije en fjouwer fan de kompetysje. De winners fan dy wedstriden spylje tsjin de nûmers ien en twa fan de kompetysje.
De winner fan de AFC spilet dêrnei tsjin de winner fan de NFC yn de NFL-kampioenswedstriid, de Super Bowl. Dizze wedstriid wurdt spile op in yn it foar bepaalde lokaasje, normaalwei in stêd mei in NFL-team. De wike dêrfoar docht in tal selektearre spilers mei oan de Pro Bowl, dy't sûnt 1979 yn Honolulu (Hawaï) spile wurdt.
Ek yn Jeropa wie der in NFL-kompetysje: NFL Jeropa. Yn dizze kompetysje spilen de Jeropeeske American footballklups, lykas de Amsterdam Admirals. Op 29 juny 2007 waard de NFL Jeropa opheft.