De natoerreligys binne de âldste godstsjinsten fan ’e wrâld; se hawwe gjin stifter, gjin profeten en gjin fêste lear. Se geane werom op it religieuze yn ’e minske sels, syn ferlet om betsjutting te jaan oan it bestean yn it algemien en syn eigen libben yn it bysûnder troch middel fan godstsjinst. Op dy manear steane de natoerreligys oan ’e widze fan alle foarmen fan godstsjinst.