Nazaret (Israel)

Nazaret
الناصرة / נָצְרַת
Bestjoer
Lân Israel
Distrikt Noard-Israel
Sifers
Ynwennertal 76.551 (2017)
Oerflak 14,2 km²
Stêdekloft 185.000 (2007)
Hichte 347 m
Oar
Tiidsône (UTC+)
Offisjele webside
Webside Nazaret
Wapen fan Nazaret
Lizzing fan Nazaret yn Israel

Nazaret (Arabysk: الناصرة - Elnasrat, Hebriuwsk: נצרת - Natsrat) is de grutste Arabyske stêd fan Israel. It plak leit yn it noarden fan Israel, yn Galilea. Sa'n tsien kilometer besuden Nazaret leit de flakte fan Jizreël en likernôch tsien km nei it easten leit de berch Tabor.

It Nije Testamint beskriuwt Nazaret as it plak dêr't Jezus grutbrocht waard. Dêrom is it sûnt de 4e iuw in kristlik pylgerreisdoel mei distiid in soad oantinkens oan Bibelske barrens.

Oant de 7e iuw wennen dêr joaden. Op it plak fan de troch Konstantyn de Grutte boude Byzantynske tsjerke stiften de krúsfarders in grutte fransiskaanske basilyk. Sûnt de midsiuwen waard de stêd fral troch Arabyske kristenen bewenne.

Ein 2007 wennen dêr 65.500 minsken dêr't twatredde fan islamitysk en in treddepart kristlik wienen. It meastepart fan de befolking fan de foarstêden is islamitysk. De foarstêd Nazreth Illit hat fral in joadske befolking. De agglomeraasje hie yn 2007 185.000 ynwenners, mei 40.000 joaden.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne