Nelson A. Miles (folút: Nelson Appleton Miles; Westminster (Massachusetts), 8 augustus 1839 – Washington, D.C., 15 maaie 1925) wie in Amerikaansk militêr. Hy focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen en de Spaansk-Amerikaanske Oarloch, en brocht it ta luitenant-generaal en oerbefelhawwer fan it Amerikaanske Leger. Foar syn optreden yn 'e Slach by Chancellorsville, yn 'e Boargeroarloch, waard him de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. Miles waard lykwols fral bekend troch syn rol yn 'e striid tsjin 'e Yndianen, wêrby't ôfweefde mei û.m. it Lakota-opperhaad Mâl Hynder en de Apache-lieder Geronimo.