Netflix | ||
![]() | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
type | publyk | |
sektor | streamingtsjinst foar video-on-demand | |
haadkertier | Los Gatos (Kalifornje) | |
oprjochte | 1997 | |
oprjochter | Reed Hastings en Marc Randolph | |
sifers | ||
omset | $25 miljard (2020) | |
winst | $2,8 miljard (2020) | |
wearde | $39,3 miljard (2020) | |
aktyf yn | hast hiele wrâld | |
wurknimmers | 12.135 (2021) | |
offisjele webside | ||
netflix.com |
Netflix (offisjeel: Netflix, Inc.) is in Amerikaanske streamingtsjinst foar video-on-demand, dy't ek aktyf is as film- en tillefyzjestudio en as distributeur. It bedriuw, dat yn 1997 oprjochte waard, jout abonnees fia it ynternet tagong ta in digitale bibleteek fan films en tillefyzjesearjes dy't wannear't en wêr't men mar wol besjoen wurde kinne. Ek is der ynteraktive ynhâld, lykas fideospultsjes, al is wol ferlet fan 'e ynstallaasje fan spesjale software om dêrfan gebrûk te meitsjen. Sûnt 2010, doe't Netflix him foar it earst útwreide bûten de grinzen fan 'e Feriene Steaten, is it bedriuw útwoeksen ta de bekendste, ynfloedrykske en meast universeel beskikbere streamingtsjinst fan 'e wrâld.