Netteldieren

netteldieren
De lytse blauwe kwab (Chrysaora fuscescens).
De lytse blauwe kwab (Chrysaora fuscescens).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
rangleas takson: weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: radiaaldieren (Radiata)
stamme: netteldieren (Cnidaria)
Hatschek, 1888

De netteldieren (wittenskiplike namme: Cnidaria) foarmje in stamme fan it ryk fan 'e dieren (Animalia), it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), en it tuskenryk fan 'e radiaaldieren (Radiata). Ta dizze stamme hearre mear as 10.000 soarten wetterdieren dy't yn sawol swiet as sâlt wetter libje. Dêrûnder binne de measte kwabben, mar ek de polipen en de koralen. Gauris wurdt de term 'holtedier' (Coelenterata) as synonym brûkt mei 'netteldier', mar dat is misliedend, om't holtedieren net inkeld netteldieren binne, mar ek ribkwabben (Ctenophora), dy't in selsstannige stamme fan 'e radiaaldieren foarmje, wylst itselde wurd foarhinne ek brûkt waard foar de spûnsdieren (Parazoa).


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne