Neva

Rin fan de Neva
Neva yn St.Petersburch

De Neva (Russysk: Нева) is in rivier yn Ruslân. De rivier is 74 km lang en 200 oant 1200 meter breed. Hy streamt fan de Ladogamar nei de Eastsee (Finske Golf). De Neva is part fan de Wolga-Baltyske wetterwei tusken de Eastsee, de Kaspyske See en de Wite See. Fan desimber oant april is de rivier beferzen en net te befarren.

Nettsjinsteande syn beskieden lingte, is de Neva dochs de treds grutste rivier fan Jeropa wat de grutte fan de wetterloazing oanbelanget. Allinnich de Wolga en de Donau streamt mear wetter troch. Oan de mûning fan de Neva leit de wichtige stêd Sint-Petersburch, eartiids de stêd fan de tsaren.

Yn de Neva-delta lizze in protte eilantsjes dy't sawol troch natuerlike rivierearmen as kanalen foarme binne. In diel fan it histoaryske Sint-Petersburch leit op guon fan dy eilannen.

It museum Hermitage yn Amsterdam hat syn kafee-restaurant nei dy rivier neamd, omdat er de libbensier fan Sint-Petersburch wie.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne