New England Science Fiction Association | ||
![]() | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | NESFA | |
nasjonaliteit | ![]() | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | science fiction-fanklub; útjouwerij | |
haadkertier | Boston (Massachusetts) | |
off. taal | Ingelsk | |
oprjochte | 1967 | |
orgaan | Instant Message | |
aktyf yn | Nij-Ingelân | |
offisjele webside | ||
www.nesfa.org |
De New England Science Fiction Association, yn 'e regel ôfkoarte ta NESFA, is in Amerikaanske science fiction-fanklub dy't aktyf is yn Nij-Ingelân. Behalven mei it mei-inoar yn kontakt bringen fan science fiction-fans, hâldt de organisaasje him ek dwaande mei it organisearjen fan 'e jierlikse Boskone-konvinsje, it publisearjen fan literêre wurken dêr't kommersjele útjouwerijen gjin brea yn sjogge en it útrikken fan ferskate prizen op it mêd fan science fiction.