Newton Knight

Newton Knight
persoanlike bysûnderheden
echte namme Newton Knight
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 novimber 1829
berteplak Jones County (Mississippy)
stoarn 16 febrewaris 1922
stjerplak Jasper County (Mississippy)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amt boer
aktyf as opstannelingelieder tsjin 'e
   Konfederaasje
jierren aktyf 18631865
offisjele webside
newtknightsfreestate.com

Newton Knight (Jones County (Mississippy), 10 novimber 1829Jasper County (Mississippy), 16 febrewaris 1922) wie in Amerikaansk boer, soldaat en Súdlik unionist, dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch yn it súdeasten fan 'e steat Mississippy in opstân begûn tsjin 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. Hy en syn oanhingers soene yn 1864 ferskate countys ferovere hawwe en dêr de Frijsteat Jones útroppen hawwe, hoewol't dat troch party histoarisy ûntstriden wurdt.

Nei ôfrin fan 'e boargeroarloch joech Knight him by de Republikeinske Partij, troude mei in eardere negerslavinne en tsjinne yn it Tiidrek fan 'e Weropbou as plakferfangend U.S. marshal. Knight is yn Mississippy oant hjoed de dei ta in tige kontroversjeel figuer, waans motiven en dieden de befolking ferdiele. Guon sjogge him as in held, wylst er foar oaren in ferdjerlike smjunt wie. Benammen syn opfettings oer en dieden oangeande rasiale gelikensens wiene har tiid mear as 150 jier foarút. Der binne twa films oer Knight makke: Tap Roots, út 1948, en Free State of Jones, út 2016.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne