Steat Nij-Meksiko State of New Mexico (Ingelsk) Estado de Nuevo México (Spaansk) | |
---|---|
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
Crescit eundo (Latyn, "Geandewei wurdt it grutter") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
![]() | |
algemien | |
ôfkoarting | NM |
lân | ![]() |
status (jier) | steat (1912) |
haadstêd | Santa Fe |
grutste stêd | Albuquerque |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) Spaansk (semy-offisjele status) |
sifers | |
ynwennertal | 2.085.572 (2014) |
befolkingstichtens | 6,6 / km² |
oerflak | 315.194 km² (0,2% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | Land of Enchantment |
tiidsône | UTC –7 |
simmertiid | UTC –6 |
webside | www.newmexico.gov |
Nij-Meksiko (Ingelsk: New Mexico, útspr.: [nu: 'mεksɨkoʊ], likernôch: "Nûû Meksikkoo"; Spaansk: Nuevo México, útspr.: ['nweβo 'mexiko], likernôch: "nweebo mèchikoo"; Navaho: Yootó Hahoodzo, útspr: [jo:to haho:dzo], likernôch: "jooto hahoodzo"), offisjeel de Steat Nij-Meksiko (Ingelsk: State of New Mexico; Spaansk: Estado de Nuevo México), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Nij-Meksiko, byneamd Land of Enchantment ("Lân fan Betsjoening"), leit yn 'e regio fan it Amerikaanske Súdwesten. De haadstêd is Santa Fe, mar de grutste stêd is Albuquerque. Neffens in skatting út 2014 hie de steat goed 2 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 36e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Nij-Meksiko mei goed 315.000 km² de 5e steat. Nij-Meksiko in tinbefolke gebiet, dat bekend stiet om syn woastinen en syn Yndiaanske en Latino-kultueren.