Noard of it noarden is in wynstreek en ien fan 'e fjouwer haadwynstreken, njonken east, súd en west. De namme komt fuort út it Proto-Germaanske *norþ-, fan it Proto-Yndo-Jeropeeske *nórto-s, dat safolle betsjut hawwe moat as "ûnder wetter strûpt", in ferbûging fan 'e woartel *ner-: "lofts", "derûnder", yn dit gefal "lofts fan de opgeande sinne". It eigenskipswurd fan noard is noardlik, mar ek boreaal (út it Gryksk). It noarden is it tsjinstelde fan it suden, en jout de rjochting fan 'e Noardpoal oan. Om't foar de rjochtingsbepaling ornaris in magnetysk kompas brûkt wurdt, en de magnetyske noardpoal net alhiel itselde is as de geografyske noardpoal, ûnderskiedt men it geografyske noarden fan it magnetyske noarden. Fierder is der ek yn 'e astronomy in noardrjochting, it astronomyske noarden, definiëarre.