Noardfrysk | ||
Eigen namme: | nordfriisk, Nuurđfriisk, nuurdfresk, Noorfriisk, nordfreesk, nordfrasch, nordfräisch, noordfreesch | |
Sprutsen yn: | Dútslân | |
Taalgebiet: | De Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), yn it noardwesten fan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein, oan 'e Noardseekust fuort besuden de Deenske grins, en it ta de Kreis Pinneberch hearrende eilân Hilgelân (Helgoland) yn 'e Dútske Bocht. | |
Tal sprekkers: | 15.000 (teljier 1999) | |
Taalklassifikaasje: | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Noardwestgermaansk ● Frysk ● Noardfrysk | |
Dialekten: | Sölring, Fering-Öömrang (ynkl. Fering en Öömrang), Hilgelânsk, Hallichfrysk, Wiiringhiirder, Böökinghiirder (ynkl. West-Mooringer en East-Mooringer), Karhiirder, Noarder-Goeshiirder, Middel-Goeshiirder, Suder-Goeshiirder † | |
Alfabet: | Latynske alfabet | |
Status | ||
Offisjele status: | Noardfrysk hat yn Dútslân erkenning as minderheidstaal. | |
Bibeloersetting: | Gjin (yn 1954 kamen de Evangeeljes fan Markus en Mattéus yn it Noardfrysk út). | |
Taalkoades | ||
ISO 639-1: | n.f.t. | |
ISO 639-2: | gem | |
ISO 639-3: | frr | |
It Noardfrysk is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.
It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Dútslân, yn it westlike part fan 'e Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), dy't yn it noardwesten fan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein leit en dêr't Hüsem de haadstêd fan is. It Noardfryske taalgebiet beslacht in krite oan 'e Noardseekust, fuort besuden de Deenske grins, en acht eilannen foar de kust. Fierders wurdt it ek sprutsen op it ta de Kreis Pinneberch hearrende eilân Hilgelân (Helgoland), yn 'e midden fan 'e Dútske Bocht.