De Northern Neck (letterlik: "Noardlike Hals", frij fertaald: "Noardlike Lâningte") is in skiereilân oan 'e Atlantyske kust fan 'e Amerikaanske steat Firginia. It sit yn it noardwesten fêst oan it fêstelân fan Firginia, en stiket nei it súdeasten ta út yn 'e Chesapeakebaai, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. It is eins it noardlikste fan in rige fan trije skiereilannen ûnderinoar dy't de deselde rjochting út wize; de oare beide binne it Middelskiereilân en it Firginia-skiereilân. De Northern Neck is in lanlik gebiet mei lytse stedsjes en doarpen, boerespultsjes op 'e romte, wyngerds, strannen en jachthavens. Teffens lizze der fiif steatsparken en oare beskerme natoergebieten, lykas (in grut diel fan) it Nasjonaal Wyldreservaat Rivierdelling fan de Rappahannock. Sûnt de 1970-er jierren is de wynbou fan grut belang foar de Northern Neck. Dêrnjonken nimt it toerisme in wichtich plak yn, fral fan wettersporters.