Nosema apis in iensellige parasyt dy’t him manifestearret yn de middenterm fan de huningbij. Nosema Apis komt yn de hiele wrâld foar. It syktebyld dat Nosema Apis feroarsaket is al lang bekend mar pas yn de 19e iuw waard troch Dohoff en Leuckart fêststeld dat de sykte oerdroegen wurdt troch aairûne lichemkes (de spoaren). It binne de spoaren dy’t troch de bijen opnomd wurde by it poetsen fan de sellen. De spoaren dy’t opnomd binne komme troch de huningmage en de proventriculus as pakketsjes de maachterm yn wêr't se útkomme. Ut in spoare komt in tried dy’t mear as hûndert kear sa lang kin wêze as de spoare.