Oalje (meartal: oaljes)[1] is de oantsjutting foar eltse non-polêre skiekundige substânsje dy't op keamertemperatuer de foarm fan in sjerperige floeistof hat en sawol hydrofoob is (him net of amper mei wetter minge lit) as lipofyl (him maklik mei oare oaljes minge lit). It byhearrende eigenskipswurd is oaljich.[1] De measte oaljes binne ûnfersêde lipiden (fetten). Se befetsje in protte koalstof en stikstof, en binne dêrom ornaris ûntflamber. It wurd 'oalje' komt fan it Frânske oile, dat weromgiet op it Latynske oleum, dat wer fan it Grykske ἔλαιον, elaion komt, dat "olive-oalje" betsjut, fan ἐλαία, elaia, "olivebeam".
De algemiene definysje fan it begryp 'oalje' omfiemet klassen fan skiekundige stoffen dy't fierders ûnbesibbe binne op it mêd fan atomêre struktuer, eigenskippen en gebrûksmooglikheden. Oaljes kinne dierlik, plantaardich of petrogemysk fan aard wêze, en kinne flechtich wêze of net. Se wurde brûkt foar tige útinoar rinnende doelen, lykas itensieden (bgl. olive-oalje), ferwaarming (bgl. stookoalje), medyske doelen (bgl. etearyske oalje) en smaring (bgl. motoroalje). Yn 'e yndustry wurde oaljes fierders ek brûkt foar de produksje fan ferve, plestik en oare materialen. Spesjaal tarette oaljes wurde yn beskate religieuze seremoanjes en rituelen brûkt foar reiniging of oare doelen. Oleogemy is de tûke fan 'e wittenskip dy't de gemy fan natuerlike oaljes en fetten bestudearret.