Obie Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
útrikt foar | treflikens yn off-Broadway-toaniel | |
útrikt troch | American Theatre Wing en The Village Voice | |
frekwinsje | 1x yn 't jier | |
plak | New York (New York) | |
ynsteld | 1956 | |
1e útrikking | 1956 | |
offisjele webside | ||
www.obieawards.com |
De Obie Awards of Obies binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier útrikt wurde foar off-Broadway- en off-off-Broadway-toaniel yn New York. It binne de meast prestizjeuze prizen foar produksjes dy't net op Broadway te sjen binne, en sadwaande net meitingje kinne nei de noch prestizjeuzere Tony Awards. De Obie Awards (fan O.B. = Off-Broadway Awards) waarden yn 1956 oprjochte. De tawizing en útrikking wurdt tsjintwurdich fersoarge troch de American Theatre Wing yn gearwurking mei de krante The Village Voice. Foar de útrikking fan 'e Obie Awards wurde gjin nominaasjes bekendmakke.