In Oergongsritueel of inisjaasjerite is in seremoanje dy't de oergong fan in minske fan 'e iene nei de oare status oanjout of fiert. Sokke rituëlen hawwe sawol maatskiplike as religieuze betsjutting, en binne hjoed oan 'e dei benammen noch tige algemien by natoerfolken. Yn 'e meast foarkommende foarm binne it rituëlen dy’t it folwoeksen wurden fan jonges en/of famkes en harren opnimming as folwoeksenen yn 'e maatskippij fan de groep, clan, stamme of it folk oanjouwe. Faak omfettet sa'n ritueel in pynlike behanneling dy't harren selsbehearsking op 'e proef stelt, lykas besnijenis, lichems- of gesichtstatoeëarring of it fyljen fan 'e tosken. Subtilere proeven besteane ek, lykas op eigen manneboet jins earste jacht ta in goed ein bringe moatte of jins earste menstruaasje yn folsleine ôfsûndering trochbringe moatte.